De Jouwer wint mei 0-1

30 aug 2004 - 09:31

Yn it haadklasse sneinsfuotbal wûn De Jouwer snein mei 0-1 fan HSC. Dat is de kampioen fan ferline jier. De Jouwer spile út, mar siet goed yn de wedstryd. It like derop dat de earste goal al yn de twadde minút skoard wurde soe. De foarsprong kaam net lang dêrnei.

Johnny Dölle krige noch in moaie kâns om te skoaren, mar dat slagge krekt net. In twadde goal waard ôfkard fanwege bûtenspul. Ek HSC krige in soad kânsen út corners, mar it bleau 0-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)