Tsjindemonstraasje SP/Keer t Tij

30 aug 2004 - 07:06

Yn de binnenstêd fan Ljouwert wurdt sneon in twadde demonstraasje hâlden. It giet om in tsjindemonstraasje tsjin de protesttocht fan de Nationale Alliantie tsjin geweld troch bûtenlanners. De tsjindemonstraasje wurdt ûnder oare organiseard troch de Socialistische Partij yn Fryslân en flechtelinge-organisaasje Keer het Tij.

De tsjindemonstraasje begjint om 12 oere. Dy fan de Nationale Alliantie om ien oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)