Jild foar wachtlist GKB

29 aug 2004 - 13:10

As de polityk dermei akkoart giet, krijt de mienskiplike kredytbank GKB yn Ljouwert ekstra subsydzje fan de gemeente. Trochdat der folle mear helpoanfragen binnenkomme, is der in wachtlist ûntstien.

Troch op syn meast 75.000 euro beskikber te stellen kin in wachtlist foarkaam wurde. De politike partijen yn de Ljouwerter ried jouwe meikoarten oan oft se it bedrach takenne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)