Gjin skeafergoeding boeren
It kabinet komt boeren mei wetterskea net yn 'e mjitte. Dat hat premier Balkenende freed bekendmakke. De skea oan rispinge heart ta it risiko fan de ûndernimmer, sa fynt it kabinet.
Boppedat hiene boeren har fersekerje kinnen, sa sei Balkenende. Boeren kinne sûnt maart dit jier in fersekering tsjin wetterskea ôfslute. Neffens de boere-organisaasje NLTO wisten in soad boeren noch net dat se har fersekerje koene.
Trefwurden:
argyf