Alvestêdetocht mei kajak
Sechtjin manlju binne ôfset foar in Alvestêdetocht mei see-kajakken. Dat binne in spesjaal soart kano's. De start wie freedtemoarn om njoggen oere yn Frjentsjer. De earste dielnimmers wurde sneontemiddei, sawat tritich oeren nei de start, werom ferwachte yn Frjentsjer.
Mei-inoar 21 minsken hiene harren opjûn foar de tocht. Fiif kajakkers doarden de tocht net oan fanwege de minne waarsferwachtings.
Trefwurden:
argyf