Skipsboubedriuw wreidet út

© Omrop Fryslân
It bedriuw Intervak yn Harns wreidet flink út. It detasjearringsbedriuw foar de skipsbou is út needsaak mei it bouwen fan boaten begûn. Se ha tweintich minsken yn tsjinst, mar dêr komme nochris tsien wurknimmers by.
Fierders wol Intervak de hallen fan de fallite Skipswerf Harlingen oankeapje. Dy romte brûke se no al foar de bou fan in spesjaal multi-ynsetber ponton. It ponton wurdt heal september te wetter litten