Trochseage boat yn Aquaverium

27 aug 2004 - 11:55

Yn it Aquaverium yn Grou stiet sûnt koart in spesjale demonstraasjeboat. It giet om in sylboat dy't trochmidden seage is en fol stiet mei apparatuer mei allegearre technyske snufkes. Doel is minsken ynsjoch te jaan hoe't se feilich it wetter op gean kinne.

Fierders wurdt de jachtbou-yndustry derop wiisd dat plezierjachten foldwaan moatte oan wetlike easken. Op dit stuit foldogge in soad skippen net oan alle feiligenseasken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)