Famke mishannele op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan 'e mishanneling fan in 16-jierrich famke op 'e Gordyk. It famke waard tongersdeitemoarn krekt nei 8 oeren troch twa jonges of manljui fan achteren fêst pakt. Dat barde op de Boargemaster Selhorstwei, doe't se nei de bushalte rûn. De jonges sloegen it famke mei de holle tsjin de grûn en dêrnei tsjin de muorre.
It slachtoffer leit yn it sikehûs. Wa't wat sjoen hat kin de plysje belje.