Blokhúspoarte bliuwt iepen

© Omrop Fryslân
Finzenis de Blokhûspoarte yn Ljouwert bliuwt foarearst iepen. De âlde finzenis soe ticht gean, omdat justysje plannen hie foar de bou fan in nije finzenis mei twatûzen sellen yn Hoogkerk. Mar dy nijbou giet foarearst net troch, en dêrmei bliuwt de Blokhûspoarte nedich.
It definitive beslút oer hoe't it komt mei de Blokhûspoarte falt letter dit jier.