Gouden Kalf fan Fryske makelij
De Nederlânske Filmdagen ha dit jier gjin Fryske ynstjoering, mar dochs is de haadpriis, it Gouden Keal, in bytsje Frysk. De brûnzen byldsjes wurde nammentlik getten yn Balk.
Heit en soan Stijlaart meitsje achttjin eksimplaren, safolle priiskategoryen binne der. De Balksters meitsje de byldsjes al sûnt 1981. Se wiene dan ek poerlilk doe't Rijk de Gooijer yn 1995 syn 'keal' út it autorút smiet fanwege 'trochstutsen kaart'.