Keamerhelp foar reinboeren

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamer komt op foar boeren dy't skea hawwe troch de ekstreme reinfal. Dat mei de boeren net de kop kostje, sa fine de fraksjes fan CDA, VVD en PvdA. Der moat dúdlikens komme oer nije fersekeringen foar ekstreme reinfal. Ek is it noch sa dat de ekstra wetterberging yn it nije wetterbelied de protten wetter net ferwurkje kin.
Boere-organisaasje LTO is dwaande mei in ynventarisaasje fan de skea. Yn Fryslân binne al 120 meldings.