Smellingerlân: mear 60-km-sônes

26 aug 2004 - 16:39
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Smellingerlân wol mear 60-km-sônes yn bûtengebieten ynfiere. Op ferskate plakken yn de gemeente binne by gefaarlike krúspunten rotondes en fytspaden oanlein. Yn it bûtengebied binne de 80-km-diken lykwols noch hieltyd gefaarlik.

De gemeente oerwaget no om op guon plakken de maksimumsnelheid te ferleegjen nei 60 kilometer yn 'e oere. Dat moat úteinlik soargje foar minder ferkearsûngelokken yn Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)