Aris lûkt tredde Amerikaan oan

26 aug 2004 - 15:55

De Ljouwerter basketballferiening Aris hat de 22-jierrige Dallas Logan kontraktearre. De 1.93 meter lange oanfaller spile it ôfrûne seizoen foar Northwood University, dêr't er topskoarer wie mei yn trochsneed 20.2 punten de wedstriid. Logan is al yn Ljouwert oankommen yn it selskip fan Justin Tatum.

Logan is nei Tatum en Brandon Woudstra de tredde Amerikaan fan Aris, dat it kommende seizoen earedivisy spilet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)