Twadde rapsong Awa op ynternet

© Omrop Fryslân
Op ynternet sirkulearret in twadde rapsong fan 'e Ljouwerter rapper Awa. Awa (16) sit fêst omdat er in pear wike lyn syn eks-freondinne yn 'e brân stuts. Yn in rapsong op ynternet seit er spyt te hawwen fan syn die.
It twadde nûmer giet oer de relaasje fan Awa mei in oar famke. Ek yn dit nûmer jout er oan dat er spyt hat, sûnder dat krekt dúdlik wurdt wêrfan of wêrfoar.