Buma-en-dy winne Frouljus-PC

© Omrop Fryslân
De Frouljus-PC is, lykas ferwachte, wûn troch it favorite partuer Géjanna Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hijlkema. Se wûnen yn de finale mei 5 om 'e 3 en 6-2 fan it trio Sjoke van der Veen, Debora Oosterman en Leonie Zeinstra. De striid gie lang gelyk op, mar Buma-en-dy wiene dochs sterker.
Tredde waard it partuer Maaike Joostema, Hermanna Miedema en Idske Zijlstra. De Frouljus-PC wurdt alle jierren yn Weidum ferkeatst.