IBF bestiet net mear

26 aug 2004 - 13:37

De provinsje lûkt him werom út it ynternasjonale bedriuweterrein Fryslân by It Hearrenfean. De gemeente is no frij om de kavels op it terrein lytser te meitsjen. It IBF hie as doel grutte bedriuwen oan te lûken. Dat is sûnt de oprjochting mar ien kear slagge yn 1998 mei SCI. Dat bedriuw wie gau wer fuort.

De provinsje lient de gemeente 22 miljoen euro. De steaten en de gemeenteried moatte noch wol tastimming jaan foar dizze oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)