Fortunes nimme cd op yn Ljouwert

26 aug 2004 - 10:58

De Ingelske jierren-60-band The Fortunes is op dit stuit yn Ljouwert dwaande mei in cd-opname. Dêrfoar is it kwartet delstrutsen yn Muzyksintrum Schaaf. Dêr hiene se alris earder spile en de kontakten binne bestean bleaun.

The Fortunes waarden wrâldferneamd mei hits as'You've got your troubles, I've got mine' en 'Here it comes again'. De nije cd komt yn novimber út. Foar de opnames binne ek Fryske gastmuzikanten ynhierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)