Skûtsje omslein by De Lemmer

26 aug 2004 - 10:05

Op 'e Iselmar by De Lemmer is woansdei in skûtsje omslein en sonken. It giet om De Twee Gebroeders fan Toppenhuzen. It Kustwachtsintrum stjoerde der twa rêdingsboaten hinne. Fierders gie in partikuliere berger dy kant út.

De fjouwer opfarrenden binne op de wâl troch ambulânsepersoniel ûndersocht. De drinkelingen hiene swimfesten oan. Se hiene in heal oere yn it wetter lein foar't se rêden waarden en wiene ûnderkuolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)