Drachten pakt ynbrekkers oan

26 aug 2004 - 09:27

'Veelplegers' wurde yn Drachten oanpakt. Yn oktober giet dêr in projekt fan start. Minsken dy't faak de fout yn gean, wurde oanpakt troch plysje, justysje en ferslavingssoarch.

De gemeente wol sa wat dwaan oan it hege tal ynbraken en fernielingen. Dy fine fral plak yn it noarden en easten fan Drachten. Ek wurdt it plysjekeurmerk Veilig Wonen ynfierd yn dat gebiet. Yn buerten mei dat keurmerk nimt it tal ynbraken ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)