Trije stjerren foar Cambuur

26 aug 2004 - 00:00

De jeugdoplieding fan Cambuur hat trije stjerren krigen fan de KNVB. By fjouwer stjerren moat de club jeugdtrainers yn tsjinst nimme dy't de hiele dei oan it wurk binne. Derfoar is gjin jild. Cambuur koe it nivo opkrikke mei help fan de Hanzehegeskoalle yn Grins, want dy setten in nije struktuer op.

It stjerresysteem is in keurmerk fan de KNVB. It sertifikaat wurdt foar de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht oerlange troch in KNVB-bûnsbestjoerder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)