Toppers by Profronde yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert is woansdei de twadde etappe fan de Profronde fan Nederlân begûn. Tophurdfytsers as Erik Dekker, Michael Boogerd, de Australiër Robbie Mc Ewen en it Italjaanske sprintwonder Alessandro Petacchi dogge mei.
It is de 44e edysje fan de Profronde en foar Boalsert is it de twadde kear dat it it begjinplak fan in etappe is. Ek yn 2000 wie dat it gefal. Doe kamen der 10.000 belangstellenden sjen. Ek dit kear wurdt in soad publyk ferwachte.