Wergea spilet 'Iedereen Beroemd'

© Omrop Fryslân
It iepenloftspul fan Wergea spilet takom jier it stik Iedereen beroemd nei in film fan de Flaamske skriuwer Dominique Deruddere. De film dy't foar in Oscar nominearre wie, giet oer in heit dy't wol dat syn dochter it meitsje sil yn de muzykwrâld. Se sil en moat in stjer wurde.
De bewurking en rezjy is yn hannen fan Anne Graswinckel. Piter Boersma sil it stik oersette. De spyldata binne 22, 24, 25, 28, 30 juny en 1 july 2005.