Fragen oer guozzebelied

25 aug 2004 - 11:25

Op in ynformaasjegearkomste oer it guozzebelied yn Aldegea (Gaasterlân) kamen 50 minsken ôf. Twa jagers hiene de jûn organisearre om dúdlik te krijen wat de plannen binne mei it oanwizen fan foeraazjeargebieten foar guozzen.

It Twadde-Keamerlid Schreier-Pierink (CDA) wie der ek. Fierder wiene der boeren en grûngebrûkers útnoege. Der wiene in soad fragen oer de fergoeding dy't de grûneigners krije as se har lân as foeraazjeargebiet oanwize litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)