Plysje op hynder net mear ynset

25 aug 2004 - 11:00

Yn Ljouwert wurde gjin plysjes op hynders mear ynset. De saneamde 'bereden politie' hat net mear effekt as oars. Boppedat is it ynsetten fan plysjeruters djoer.

Fierder ferdwine de wykagint en de 'skoalagint'. De plysje hat yn it plak dêrfan in koördinator Jeugdtaken oansteld. Dy moat him dwaande hâlde mei de jeugdproblematyk op skoallen en yn wenwiken yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)