Nije drompels by De Blesse

© Omrop Fryslân
Foar de beboude kom fan De Blesse lizze de earste 'mushroomdrompels' fan Fryslân. De nije drompels fan 6,5 sintimeter binne tiisdei presintearre. De drompels lizze sa ferspraat oer de dyk dat de helptsjinsten der mei 80 kilometer yn 'e oere oerhinne kinne.
De gewoane automobilist wurdt by de poddestuolledrompels konfrontearre mei skommeljende bewegings fan syn auto yn plak fan ien hurde klap by in normale drompel.