Autocross Hallum giet net troch

24 aug 2004 - 15:59

De autocross dy't sneon 28 augustus hâlden wurde soe yn Hallum giet net troch. Troch de protten rein dy't de ôfrûne tiid fallen binne, is it crossterrein te wiet. De organisaasje kin dêrtroch de feilichheid fan de koereurs en it publyk net garandearje.

De autocross yn Hallum wurdt dit jier net mear ynhelle. De earstfolgjende edysje is augustus takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)