Lêste wedstriid Schuil yn oranje

24 aug 2004 - 10:21

De Nederlânske foljebalploech fersloech moandei op de Olympyske Spullen Australië mei 3-0. De setstannen wiene 25-22, 25-17 en 25-16. De winst holp net, want Nederlân wie nei ferlies fan Amearika, Brazilië en Italië al útskeakele foar de kwartfinales.

De wedstriid wie ek it alderlêste optreden fan 'e Ljouwerter Richard Schuil yn oranje. Hy set nei 380 wedstriden definityf in punt achter syn karriêre as ynternasjonal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)