Noch gjin spoar fan Lemster

© Omrop Fryslân
De grutte sykaksje op de Iselmar by De Lemmer nei de swimmer dy't sneon yn de mar ferdronken is, hat neat opsmiten. Neffens de plysje giet it om in 38- jierrige Lemster.
De Lemster soe sneontemoarn swimmend in fuortdreaune rubberboat ophelje, mar gie healwei kopke ûnder. Der waard sneon, snein en moandei socht mei boaten, in helikopter en troch dûkers mei sonarapparatuer. Moandei waard foarearst foar 't lêst socht.