Stipepunt foar jeugd nedich

23 aug 2004 - 16:26
Foto: Omrop Fryslân

Yn Dongeradiel soe ien grut stipepunt komme moatte foar de jongerein. Dy hat muoite om de goeie ynstânsjes te finen as se help nedich hawwe.

Yn de notysje Jongerein- en gesins- belied 2004-2007 sinjalearret it gemeentebestjoer dat de jeugd net goed holpen wurdt troch helpferlienings- organisaasjes. Ek soe it oanbod fan de soarch net goed ôfstimd wêze op it ferlet fan de jongerein. Wethâlder Appelhof wol dêrom ien stipepunt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)