Stipe foar leefberens NW-Fryslân
De provinsje stelt 400.000 euro beskikber foar projekten dy't de leefberens yn Noardwest-Fryslân ferbetterje. It jild is bedoeld foar lytsskalige inisjativen dy't har spesjaal rjochtsje op jongeren, froulju, âlderen en minderheden.
De provinsje tinkt dêrby oan temajûnen, kommunikaasjeprojketen en petearen tusken âlderen en jongeren. Fersiken om subsydzje kinne oant maart 2006 yntsjinne wurde.
Trefwurden:
argyf