Krante Suderseeline komt noch

23 aug 2004 - 11:27

De ynformaasjekrante oer de Sudersee- line moat uterlik woansdei by elkenien yn Fryslân op de moatte lizze. Dat seit in wurdfierder fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat dat ferantwurdlik is foar de distribúsje fan de krante.

It ministearje reagearret dêrmei op lûden út de provinsje dat de krante op guon plakken net besoarge wêze soe. De earste minsken krigen de ynformaasje- krante ferline wike al.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)