Frou op listige wize bestellen

23 aug 2004 - 11:20

In 83-jierrige frou út Dokkum is freed op listige wize bestellen. In man mei in jong famke kamen oan de achterdoar fan de frou en fregen om papier en potlead. Doe't de frou dat pakke soe, stiene de twa ynienen yn har wenkeamer.

Letter kaam der noch in tredde persoan by. Nei alle gedachten hat dy persoan, in frou mei in holledoek, in beurs út de bewenster har sliepkeamer stellen. Sneon diene de trije itselde by in 78-jierrige man út Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)