Partoer Buma wint yn Akkrum

23 aug 2004 - 11:11

It partoer Géjanna Buma, Wiesje v.d. Berg en Afke Hylkema hat snein it froulju's haadklasse keatsen yn Akkrum wûn. Se fersloegen yn de finale fan de 'generale foar de froulju's PC' it trio Sjoke v.d. Veen, Debora Oosterman en Leonie Zeinstra mei 5-4 en 6-4.

It haadklasse keatsen foar manlju yn Bitgum rûn fertraging op om't in taskôger net goed waard en oerbrocht wurde moast nei it sikehûs. De partijen waarden tydlik stillein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)