Benefytwedstriid yn Burgum

23 aug 2004 - 11:10

De benefytwedstriid yn Burgum fan it Frysk 60+ fuotbalteam tsjin in alvetal fan Omrop Fryslân-meiwurkers hat sneontejûn sawat 4000 euro opsmiten foar it Ronald McDonald-hûs Fryslân. Sawat 1500 besikers kamen op it evenemint ôf, dat holden waard op Sportpark Koningsland yn Burgum.

De wedstriid hie in ludyk karakter. Oan 'e ein kamen bygelyks alle wikselspilers it fjild yn. Omrop Fryslân wûn de wedstriid mei 6-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)