Leechflean-oefening Marnewaard

© Omrop Fryslân
Militêre jachtfleantugen fan de fleanbasis Ljouwert sille dizze wike in leechflean-oefening hâlde boppe de Marnewaard. Dat hâldt yn dat se boppe dat gebiet op tachtich meter hichte fleane.
Op de rûte nei de Marnewaard ta, oer Ferwert en Hurdegaryp, meie se op in minimumhichte fan goed 300 meter fleane. Mei de oefening wurde militêren oplaat dy't de piloaten fan de grûn ôf oanwizingen foar it fleanen jaan moatte.