Dales tefreden oer fûllearjen

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert is tefreden oer it earste optreden fan de plysje tsjin wapenbesit. Hy ferwachtet dat it helpe sil om de stêd feiliger te meitsjen. It ôfrûne wykein hat de plysje mei 12 man goed 200 minsken yn de binnenstêd previntyf fûllearre.
Dales hie hjir earder al op oantrune fanwege de protte geweldsynsidinten de lêste tiid. Der waarden freedtenacht 4 messen en in buske pepperspray yn beslach naam.