Partoer Buma wint yn Bitgum

© Omrop Fryslân
Gejanna Buma, Wiesje vd Berg en Afke Hylkema wûnen freed de frije formaasje partij foar froulju yn Bitgum. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it rio Sjoke vd Veen, Deborah Oosterman en Leonie Zeinstra.
It wie de tsiende seizoensoerwinning foar it trio Buma. De tredde priis yn Bitgum wie foar it partoer Marie Heida, Ingrid de Haan en Helena de Vries. Afke Hylkema waard keninginne fan dizze partij.