Van Klaveren posityf oer haven

© Omrop Fryslân
De haven fan Harns kin noch mear konkurrearje mei dy fan Rotterdam. Dat fynt Gerard van Klaveren. Hy wurdt fan 1 septimber ôf de nije direkteur fan de yndustryhaven fan Harns. Yn dy funksje is er ferantwurdlik foar it binnenheljen fan nije bedriuwen dy't har festigje wolle yn de Harnzer haven.
It feit dat de haven goed te berikken is en der gau laden en lost wurde kin, moat útbuite wurde, sa fynt er. Van Klaveren wie earder Frysk deputearre.