Koopmans twad op 'e Harkema
Lambertus Koopmans fan Boalsert koe it sneontejûn by de hurdfytsronde op De Harkema krekt net oprêde. Yn de einsprint nei 90 kilometer wie Richard Kooijman fan Winkel (Noard-Hollân) de bêste. Omdat dyselde Kooijman in dei earder yn Gerkeskleaster twad wurden wie, waard er ek de einwinner fan de 'Pompeblêd-twadaachse'.
Nei ôfrin fan de ronde waard foarsitter Geert Knol fan it hurdfytskomitee beneamd ta lid fan fertsjinste.
Trefwurden:
argyf