Drugsdealer (18) oanholden

22 aug 2004 - 14:21

In 18-jierrige drugsdealer út Zwolle is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn in diskoteek oan de Nijstêd yn Ljouwert. Personiel fan de diskoteek trapearre him op it besit fan inkelde xtc-pillen. De man út Zwolle hie se ferstoppe yn in pakje shag.

De plysje hat de man meinommen nei it buro. Dêr ferklearre de man dat er fan doel wie de pillen yn de diskoteek te ferhanneljen. De diskoteek sil de man nea wer yn de saak talitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)