Bitgum foar partoer Rinia

© Omrop Fryslân
De útnoegingspartij keatsen yn Bitgum is sneon wûn troch Robert Rinia, Herman Sprik en Teake Triemstra. Sy fersloegen yn de finale it partoer Erik Seerden, Kor Zittema en Douwe Groenendijk mei 5-3, 6-6.
Yn de heale finale hiene Rinia en dy wûn fan Berkepas, Van Beem en Terpstra. In tige spannende partij: acht earsten waarden beslist op 6-6, beide partoeren hellen yn totaal 66 punten.