Gjin prizen foar Olympiërs

22 aug 2004 - 12:46

Sylster Petronella de Jong is der op de Olympyske Spelen net yn slagge in medalje te heljen. Mei har teamgenoaten Annelies Thies en Annemieke Bes waard se yn de lêste race fan de Ynglingklasse twadde. Dat wie krekt te min foar in medalje, it team is yn it klassemint as tredde einige.

Ek foar foljeballer Richard Schuil gjin súkses. De foljeballers ferlearen sneon mei 3-0 fan Italië en kinne de kwartfinales no net mear berikke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)