Foarum Liwwadders.nl út 'e loft

© Omrop Fryslân
It foarum fan website www.liwwadders.nl is freedtemiddei út 'e loft helle. Sûnt it nijs oer rapper Awa, dy't syn freondinne yn brân stuts, streamde it foarum fol mei rassistyske reaksjes. De direksje fan 'e website skriuwt no op it foarum dat it tydlik off-line is, yn ferbân mei misbrûk.
It Anti Diskriminaasje Buro Fryslân hie direkteur Veldman earder al frege om wat te dwaan oan rassistyske teksten. It buro is bliid dat dat no bard is.