Parkearen Noardwâlde oanpakt

© Omrop Fryslân
Weststellingwerf nimt maatregels om de parkearproblemen yn de Hoofdstraat West yn Noardwâlde oan te pakken. Yn de strjitte wurdt ienrjochtingsferkear ynsteld. It giet earst om in proef fan fjouwer moanne.
Parkearde auto's oan de kant fan de dyk foarmje no faak in obstakel foar swiere frachtauto's. Oer de oanpak fan dat probleem wurdt al langer praten. Oare oplossings, lykas in parkearferbod of folsleine ôfsluting, binne ek besjoen.