Feemerk Ljouwert wurdt te lyts

© Omrop Fryslân
De feemerk yn Ljouwert driget te lyts te wurden. Tongersdei waarden mear as 700 kij oanfierd en dat wie de grutste oanfier sûnt de tongblierkrisis, no goed trije jier lyn.
Neffens foarsitter Max Brinksma fan it bûn fan feehannelers kinne der net mear as goed 800 kij op de feemerk telâne. De feehannelers hawwe yntusken al praat mei de direksje fan it FEC oer de moog- likheden foar útwreiding fan de merk en it ynsetten fan tinten.