Strange kontrôle op brúnrot

21 aug 2004 - 12:04

Sa'n 90 jirpelperselen fan boeren út Noardwest-Fryslân sille de kommende tiid strang kontrolearre wurde op brún- rot. Dat hawwe de boeren freed fan de plantekundige tsjint te hearren krigen.

Ferline wike binne in tal jirpelfjilden yn Noardwest-Fryslân troch it minne waar ûnder wetter rûn. Dêrby binne ek de sleatten oerrûn. Om't it sleats- wetter dêr besmet is mei de brúnrot- baktearje, is der kâns dat ek de jirpels besmet reitsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)