Dútser mishannele op Flylân

20 aug 2004 - 17:17

In 34-jierrige Dútser is tongersdei berôve op Flylân. De man hie te stappen west en woe wer nei de camping doe't er by it fuotbalfjild ynienen in klap krige. De Dútser rekke út de tiid.

Doe't er wer by kaam, rûn er nei syn tinte dêr't er yn sliep foel. Freedtemoarn kaam de man derachter dat er jild miste. Boppedat wiene syn gesicht en ribben bûnt en blau slein. Ek hie er in djippe snee yn syn earm. De plysje stelt in ûndersyuk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)