Skealike plannen foar HBO

© Omrop Fryslân
De CHN yn Ljouwert kin 2,5 miljoen euro misrinne as de plannen fan steatssekretaris Rutte trochgean. Rutte wol ôf fan de fergoeding oan hegeskoallen foar studinten fan bûten de Europeeske Uny.
By de CHN studearje alle jierren sa'n tûzen bûtenlânske studinten. De helte dêrfan komt fan bûten de EU. De fergoeding dy't HBO-skoallen per studint krije is likernôch 5000 euro. Dat soe dus in flinke tebekesetter wêze.