Liwwadders: foarum is útlitklep

20 aug 2004 - 15:54

Direkteur Andries Veldman fan website www.liwwadders.nl sjocht foarearst gjin oanlieding om wat te dwaan oan de rassistyske reaksjes op it foarum fan syn website. Sûnt it nijs oer rapper Awa (16), dy't syn freondinne yn brân stuts, streamt it foarum fol mei, faak anonime, rassistyske reaksjes.

Veldman tinkt dat syn foarum 'in nuttige útlitklep' wêze kin foar in stêd, dy't slim skokt is troch wat der bard is. Hy wol gjin 'sensuer'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)