Lange Frans rapt oer Awa

20 aug 2004 - 11:05

De rapper Lange Frans, dy't op it stuit yn de hitlisten stiet mei it nûmer Moppie, hat in nûmer makke oer de 16-jierrige Awa yn Ljouwert dy't syn freondinne yn de brân stutsen hat. Yn it nûmer hellet er fûl út nei de Ljouwerter.

Hy freget de jonge ek, út namme fan de hiphop yn Nederlân, om nea wer te rappen. Lange Frans liet syn rap tongersdeitemoarn hearre yn it programma fan Giel Beelen op 3FM.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)